Finansjele problemen driigje foar Weidumer muzykferiening

18 apr 2019 - 10:58

Troch de gemeentlike weryndieling is muzykferiening Harmonie yn Weidum yn de finansjele problemen kommen. Fan de âld-gemeente Littenseradiel krige de muzykferiening in jierlikse subsydzje. Dêr is it doarpsbudzjet fan de gemeente Ljouwert foar yn it plak kommen.

Harmonie Weidum yn aksje by it simmerkonsert 2018 - Foto: Piet Douma

"Dit doarpsbudzjet is in moaie stimulâns om it doarpslibben yn de breedste sin te stypjen, eat wat wy as feriening bot wurdearje kinne. Tagelyk hâldt dit foar ús as muzykferiening yn dat der binnen no en twa jier in flink gat yn ús begrutting ûntstiet", ljochtet foarsitter Janneke de Boer ta.

In nagelnije donearaksje moat der no foar soargje dat de muzykferiening út it terpdoarpke in part fan it finansjele gat struktureel opfolje kin. De donearaksje hat de namme 'Maat fan 'e Muzyk' krigen. Minsken kinne in maat-skip oangean troch jild te donearjen.

Untstean

Muzykferiening de Harmonie is yn 1898 oprjochte troch njoggen Weidumers. Ferskate doarpen yn 'e omkriten hiene yn dy tiid al in muzykkorps, Weidum woe ek in fanfare ha. Der gie in list by de doarren lâns en dan: "Heeft men alreeds over den som van 95,- te beschikken. Algemeen was men van oordeel dat de financiële bezwaren genoegzaam waren uit den weg geruimd zodat tot oprichting werd besloten", sa stiet it mei moaie krolletters yn it earste út in rige fan in lytse tweintich notulenskriften.

De Harmonie bestiet yn 2019 út in malletband en in fanfareorkest. Der binne hast 70 leden.

(advertinsje)
(advertinsje)