Steechjes yn Ljouwert: fan mearke-eftich oant treastleas

Steechjes, je rinne der faak sa oan foarby. Mar dat jildt net foar fotograaf Dineke Kaal. Sy hat in fotosearje makke oer ferskate steechjes yn Ljouwert. De foto's binne kommende moannen te sjen yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it HCL.
Steechjes yn Ljouwert: fan mearke-eftich oant treastleas
Dineke is bot fassinearre troch steechjes, om't se allegearre sa ferskillend binne. "De Reigerstrjitte is hiel mearke-eftich. Der stiet oan de ein in moaie wite doar. Ik tink dan: wat sil dêr dochs wêze? Mar dan komst by de folgjende steech en dy sjocht der wat grau en grizich út. Dat is wer in hiele oare sfear."
De fototentoanstelling is in moaie opwaarmer foar in stedskuier fan it HCL, dy't by ferskate steechjes del giet. De saneamde Elfstegentocht.
Fotograaf Dineke Kaal