Kollum: "Sliepende kat"

18 apr 2019 - 08:55

"It Waad wurdt heger. Feit. En jonges, wat wurd ik gelokkich fan soks. It debat oer klimaatferoaring is heftiger as ea, en it iene doemrapport nei it oare komt út. De temperatuer giet omheech, de gletsjers en it iis op 'e poalen ferdwine en de seespegel stiicht. Dêr komt noch by dat de boaiem yn Nederlân omleech giet. Net geunstich. Yn Fryslân op plakken tusken de 40 en 50 sintimeter, en op it Waad wol tsien of tweintich sintimeter, yn 2050 tsjinoer no. Mar it Waad lit dat net samar barre.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik kaam dit te witten trochdat ik wat oan it rûnspeuren wie om ynformaasje oer de Ofslútdyk. Dy wurdt fiks ferboud yn 'e kommende jierren. Om in byld te krijen fan wat dy dyk eins betsjutten hat foar Nederlân, lies ik dêr wat artikels oer. Rykswettersteat hat in protte online stean. En dêr seach ik ek in ferhaal oer it fear nei It Amelân. Dat hat al skoften lêst fan fertragingen. No ha ik al hiel lang net mear op It Amelân west, dus sok nijs ûntgiet my dan wolris. Mar dêr stie it: troch de stiging fan it Waad kin it skip net mear sa maklik by it eilân komme. De kapiteinen wrakselje mei de wikseljende djipte fan it farwetter.

Om echt te witten hoe't it sit, belâne ik djip yn 'e krochten fan de webside fan de oerheid: dokuminten slash rapporten slash twatûzenachttjin slash njoggen slash sânentweintich slash bijlage-4. Achtergronden. En noch sawat; it is in rapport dat by in Keamerbrief heart wêryn't wiidweidich yngien wurdt op de 'morfologische, autonome ontwikkeling van de Waddenzee, de wettelijke kaders en de korte termijn maatregelen waarvoor Rijkswaterstaat verantwoordelijk is.' De morfologyske, autonome ûntwikkeling fan de Waadsee - moai!

De ôfsluting fan de Lauwerssee en de Sudersee yn kombinaasje mei de oanlis fan diken en kwelderwurken oan de Fryske kust, ha de Waadsee feroare, stiet der. Dat proses is noch altyd net klear; en dan is it aardich om te witten dat de Lauwerssee der al fyftich jier net mear is, en de Sudersee al 87 jier net mear.

Yn it rapport stiet dizze prachtige sin: 'Door de menselijke ingrepen en ook door de zeespiegelstijging wil de Waddenbodem zichzelf ophogen.' As it floed wurdt komt der mear sân en slik binnen as der mei eb werom streamt. En sa wurdt it Waad dus heger, nettsjinsteande boaiemdelgong en seespegelstiging. Dan tink ik: dit giet oer in pear sânkorreltsjes, mar rûnom It Amelân, sa ha se berekkene, giet it om ien of oare reden wat hurder, en is it 800.000 kúb yn it jier. Dat binne 320 Olympyske swimbaden fol. Dat is dus hast elke dei in kompleet swimbad fol mei modder en sân, en dat dan allinnich al rûn It Amelân.

It is wol wat ruk foar it fear nei It Amelân, want it farwetter sliket dus ek ticht, en dêrtroch binne der fertragingen. Fierder yn it rapport giet it oer 'bochtafsnijding, baggerregime, voorkeursvarianten, baggervakken en soortenbescherming'. Dêr moatst mar sin oan hawwe. It liket in grute steapel fan problemen, dêr't swiere kompjûters einleas oan rekkenje. Yntusken giet it Waad dus gewoan syn eigen gong, en heget harsels op.

Ik fyn it prachtich om sa'n see te sjen as in bewegend, feroarjend, ja hast libjend gehiel. Stjoerd troch wyn en moanne, en amechtich yn 'e gaten hâlden troch de manlju en froulju fan Rykswettersteat, mei mjitapparatuer, foto's en grutte kompjûters. It Waad siket nei in nij lykwicht, sizze de rapporten, mar der is fansels gjin lykwicht. Wy meitsje in lykwicht, mei baggerskippen en diken.

En foardat dat dy der wiene, wie der ek gjin lykwicht: de Sudersee is pas tûzen jier lyn ûntstien, en waard al mar grutter, oant we diken oanleinen. Boaiemdelgong en seespegelstiging komme ek troch minskehannen, mar dan is dêr it Waad sels. Dat har opheget. Se skikt har nei de nije situaasje, as in sliepende kat dêr'tst in kleedsje ûnderwei lutsen hast.

Ik tink dat kapitein op it fear nei It Amelân ien fan de aldermoaiste beroppen is fan dit momint."

(Advertinsje)
(Advertinsje)