Özcan Akyol yn IepenUP: "We praten niet met elkaar, maar over elkaar"

18 apr 2019 - 08:50

Frijheid fan ekspresje liket hjoed-de-dei fanselssprekkend, mar yn de praktyk falt dat noch wol ris ôf. Dat sei auteur en telefyzjepresintator Özcan Akyol woansdeitejûn yn syn frijheidskolleezje foar IepenUP Live.

Sa fertelt Akyol dat, ast dyn miening joust of iepen programma's makkest, de kâns rinst datst bot bedrige wurdst. Dêr hat er sels in soad ûnderfining mei. Ek op dit stuit wurdt er stalke en bedrige.

"We houden ervan om elkaar in een greep te houden van wat we moeten denken en vinden. We praten niet met elkaar, maar over elkaar."

Ferantwurdlik mei frijheid omgean

Oan de iene kant leit er klam op hoe wichtich it is om frij te wêzen yn watst sizze kinst, mar oan de oare kant op hoe wichtich it is dat minsken ferantwurdlik mei harren frijheid omgeane, it net misbrûke en dat wetteleasheid dêryn oanpakt wurdt. As foarbyld nimt er dat er net wol dat syn mem samar anonym deaferklearre wurde kin. Neffens Akyol hoege der gjin nije wetten yn it wetboek te kommen, mar se moatte online gewoan ek neilibbe wurde.

"Cabaretiers mogen sommige grappen niet maken, mensen worden bedreigd, hebben beveiliging nodig, docenten worden gediscrimineerd. Is dit het vrije land waar we zo graag over praten, dat we pretenderen te zijn? Misschien moeten we iets meer ons best doen dat land te zijn." Om út te drukken wat frijheid foar him betsjut, helle Akyol in kwoot fan Jean-Paul Sartre oan: 'Vrijheid is wat jij doet met wat jou wordt aangedaan'.

(advertinsje)
(advertinsje)