Unwisse tiden foar soarchferlieners yn gemeente Ljouwert

18 apr 2019 - 08:19

Meitinke oer fernijing yn de soarch en dan bûten de boat falle. Dêr binne guon soarchynstellings yn Ljouwert benaud foar. De soarchynstellings yn Ljouwert brekke de lêste moannen de holle oer plannen om de soarch yn de gemeente goedkeaper te meitsjen. Ljouwert hat nammentlik krekt as de measte gemeenten in miljoenetekoart op it sosjaal domein.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

De ried hat de ynstellings de kans jûn om sels mei plannen te kommen, mar dan wol mei in grutte besunigingsopdracht fan 3,6 miljoen yn it jier. Woansdeitejûn koe de polityk de ynstellings befreegje.

De soarch moat neffens it kolleezje oer in pear jier oanbestege wurde en dêr sit by guon ynstellings de pine. Sy wurkje no hurd oan de besunigings, mar de opdracht kin sa oan harren noas foarby gean.

Direkteur Sjoerd Tolsma fan Amaryllis

Direkteur Sjoerd Tolsma fan Amaryllis sjocht de bui al hingjen. "It betsjut datst net mei-inoar gearwurkje kinst", leit Tolsma út. "Ien fan de ûnderdielen fan in oanbesteging is dat der radiostilte wêze moat tusken de gemeente en de partijen. Wy binne in organisaasje dy't elke dei kontakt hat mei de gemeente. Yn ús wurksumheden wurde wy behindere."

Kapers op 'e kust

Ek binne der neffens Tolsma kapers op 'e kust. De kâns bestiet dat ynstellings fan bûten Ljouwert de opdracht binnenslepe. "Dan hawwe wy de besunigings realisearre en dan kin dy oare oanbieder dêrmei fuortrinne."

De ried soe it net iens wêze mei it oanbesteegjen. "Ik bin der wis fan dat dat folgjende wike in stevich ûnderwerp wurdt yn de politike dialooch tusken de ried en it kolleezje."

De ried moat op 8 maaie in beslút nimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)