Nije attraksje Natuermuseum kin lang om let iepen

De ûnderwettersafary yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert sil wer iepen. Fan 23 april ôf is it publyk wolkom yn dizze spesjale edukative attraksje fan it museum. Op 21 septimber ferline jier wie de offisjele iepening, mar nei problemen mei de lift moasten de doarren nei trije wiken alwer ticht.
© Natuurmuseum Fryslân
It hat lang duorre, mar lang om let kin it no dan echt los mei in fernijde en feilige lift nei de kelders fan it museum, wêrby't minsken yn in achtbaankarke ûnder wetter dûke en lâns ferskillende wetterlânskippen fierd wurde.
"We hadden problemen met de lift, omdat die steeds vastliep. Dat betekende dat-ie er na ongeveer tien ritjes ermee ophield. Uiteindelijk bleek het probleem dat er een zwaardere motor in de lift moest", fertelt museumdirekteur Tom van Slooten.
Museumdirekteur Tom van Slooten oer de OnderWaterSafari
"We hebben ook gezien dat het lastig is om alleen een lift te hebben om van boven naar beneden te gaan. We hebben de lift een stukje opgeschoven en een trap gebouwd. Nu lijkt het net alsof je door de aarde naar beneden gaat naar een ondergrondse wereld."