Auto's baarne folslein út yn Ljouwert; plysje tinkt oan brânstichting

In fûle brân op in parkearterrein yn Ljouwert hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei meardere auto's ferwoaste. De auto's stiene neist elkoar op in parkearterrein by in senioareflat oan it Dragoonsplein. Trije auto's binne folslein ferlern gien, seis oare rekken skansearre.
Auto's baarne folslein út yn Ljouwert; plysje tinkt oan brânstichting
De brânwacht waard om 4.00 oere hinne alarmearre. Doe't dy oankaam, stiene der al trije auto's yn 'e brân. De brânwacht koe wol foarkomme dat der noch mear auto's ferlern giene.
Om't der tocht wurdt oan brânstichting, sil de plysje in ûndersyk ynstelle.