Oantal ferkearsdeaden yn 2018 folle heger as tocht

18 apr 2019 - 06:03

It tal ferkearsdeaden yn Fryslân leit yn 2018 folle heger as eardere sifers dy't it Regionaal Orgaan ferkearsfeiligens Fryslân (ROF) publisearre hat. It CBS komt út op 27 deadlike slachtoffers yn it ferkear. It ROF melde earder 18 deaden. It ferskil komt trochdat it CBS data kriget fan sikehuzen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sipke van der Meulen fan it ROF leit de ferskillende oantallen út

It ROF kriget de sifers fan de plysje en sjocht nei slachtoffers dy't binnen 30 dagen nei it ûngelok ferstjerre. It CBS kriget de ynformaasje fan de sikehuzen en nimt ek slachtoffers mei dy't in healjier nei it ûngelok dea gean.

Sûnder ynformaasje feroaret der neat

It CBS hat gjin ynformaasje oer wêr't de ûngelokken wiene en ûnder hokker omstannichheden de slachtoffers fallen binne. Troch de privacywetjouwing kinne de sikehuzen dy ynformaasje net mei it CBS diele.

Dat der njoggen minsken mear yn it ferkear yn Fryslân omkommen binne as tocht, is slim genôch, mar it ROF kin neat mei de gegevens, seit Sipke van der Molen fan it ROF. It iennige wat bekend is dat der fjouwer fytsers by de slachtoffers sitte. It ROF hat it CBS frege safolle mooglik data te dielen, mar dat hat noch net in soad opsmiten.

Trefwurden: 
ferkear rôf deaden
(Advertinsje)
(Advertinsje)