Dokterswacht Fryslân op 'e nij net berikber troch telefoanyske steuring
Dokterswacht Fryslân is troch in technyske steuring by provider Ziggo net berikber. As gefolch fan dy steuring is de dokterswacht allinne berikber fia it spesjale kalamiteitenûmer: 088-1181794.
Minsken dy't it sintrale nûmer, 0900 112 7 112, belje, krije gjin gehoar. It is noch net dúdlik hoelang't de steuring krekt duorje sil. As der by in situaasje libbens yn gefaar binne, moatte minsken it alarmnûmer 112 belje. Minsken dy't dochs in húsdokter nedich hawwe, kinne it spesjale kalamiteitenûmer belje.