Aris kin it net winne fan New Heroes Den Bosch

De Ljouwerter basketballers fan Aris binne der woansdeitejûn net yn slagge om te winnen fan de New Heroes út Den Bosch. Yn Ljouwert gie it team fan de nije coach Anne van Dijk ûnderút tsjin de nûmer trije út de kompetysje.
© Aris Ljouwert
Yn it earste kwart einige Aris mei mar ien punt efter op de Brabanners: 24-23. Yn it twadde kwart rûn Den Bosch lykwols út en einige it: 38-48. Dêrnei kamen de Ljouwerters noch koart tichteby, mar de basketballers út Den Bosch wiene dochs te sterk. It ferskil rûn allinnich mar mear op, it tredde kwart einige mei in efterstân fan 15 punten foar Aris: 52-67. Ek yn it fjirde kwart hiene de Ljouwerters neat mear yn te bringen. Einstân: 63-82.