Manmachtich reagearre op oprop ta ûndersykspitches: noch 5 yn de race

Yn it kader fan ûndersykssjoernalistyk oer misstannen yn jo omjouwing dy't oars miskien yn de dôfpot bedarje soenen, hat Omrop Fryslân yn gearwurking mei de regionale omroppen fan Drinte, Grinslân en Oerisel begjin april frege om ideeën yn te stjoeren om te ûndersykjen. Op dizze oprop is manmachtich reagearre. Fan de ynstjoerings binne der no noch 5 saneamde 'pitches' oer.
© Follow the Money
Der binne mear as hûndert ynstjoerings binnenkaam. Dêrfan binne der no noch 5 ideeën oer. Under de fiif pitches sitte twa Fryske yntsjoerings. De iene Fryske ynstjoering giet oer de takenning fan de protestaksjes fan KOZP by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum. "De verdenking bestaat dat burgemeester Marga Waanders van de gemeente Dongeradeel zich TE enthousiast heeft opgesteld bij het uitnodigen van zowel KOZP als de rechtsextremistische NVU, zonder rekening te houden met de gevolgen die dit had kunnen hebben voor de levens van kinderen", sa falt yn de pitch te lêzen.
De twadde Fryske ynstjoering giet oer it ferbân tusken tests fan stjoermêsten fan netwurkferbiningen. Doe't dizze tests útfierd waarden, ûntstie der panyk ûnder de kij yn de buert fan de mêst. De gefolgen binne "vermoedelijk voor ons allemaal, alleen koeien zijn gevoeliger, die ruiken spanning", neffens de ynstjoerder.

Stimme op de pitches

De pitchers (betinkers) fan de ideeën wurdt no frege om harren idee krekter te beskriuwen en út te wurkjen. Mar jo kinne thús ek wat dwaan. Op dizze webside kin der stimd wurde op de pitches. It idee dat de measte stimmen kriget, wurdt it útfierd. Stimme kin oant en mei 21 april.