It Amelân kriget wer in kroanbeneamde boargemaster

17 apr 2019 - 22:13

It Amelân kriget wer in kroanbeneamde boargemaster, as ferfanger fan tydlik boargemaster Van Klaveren. Dat hat kommissaris fan de Kening, Arno Brok, woansdeitejûn witte litten yn in riedsgearkomste op it eilân.

Foto: Google streetview

Op de aginda fan de riedsgearkomste stie mar ien punt, dat wie in petear mei kommissaris fan de Kening Arno Brok. Hy stelde in tydlike boargemaster oan op it eilân, neidat der ferskate kearen rebûlje ûntstie yn de ried. De tydlike boargemaster Gerard van Klaveren moast de rêst werom bringe.

Neffens de kommissaris fan de Kening is de rêst no werom. "De politieke cultuur is verbeterd het afgelopen jaar. Nu volhouden en blik op de toekomst." Brok hat grien ljocht jûn om de boargemastersproseduere te begjinnen. It stribjen is om de nije boargemaster fan It Amelân ein 2019 of begjin 2020 beneame te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)