SC Hearrenfean befêstiget transfer Kik Pierie nei Ajax

17 apr 2019 - 21:33

Kik Pierie makket definityf de oerstap fan Sportklup Hearrenfean nei Ajax. De healefinalist fan de Champions League hat Pierie fan de simmer ôf ta de beskikking. De 18-jierrige ferdigener tekenet foar fiif jier by de Amsterdamske fuotbalklup. Pierie hat de hiele jeugd fan de Feansters trochmakke.

Kik Pierie yn duel mei âld-Hearrenfeanspiler Klaas Jan Huntelaar - Foto: Orangepictures

Dat Pierie nei Ajax gean soe, hong al yn de loft. De ferdigener spile oant no ta 67 offisjele duels foar de Friezen. Hy debutearre yn in play off-duel om Europeesk fuotbal tsjin FC Utrecht yn 2017.

De transfer komt neffens Pierie op it goede momint. "Alles komt nu samen. Ik ben bijna klaar met mijn vwo, ga het huis uit, kom op mezelf te staan en krijg meer concurrentie. Ik ben eraan toe, wat niet wil zeggen dat ik ben uitgekeken op Heerenveen. Maar soms heb je nieuwe prikkels nodig. Bij Ajax wil ik zo snel mogelijk een plekje in het eerste elftal veroveren. Maar dat gaat natuurlijk niet een-twee-drie.''

Pierie, dy't yn de Feriene Steaten berne is, begûn syn fuotbalkarriêre by LAC Frisia om dêrnei de hiele jeugd fan Hearrenfean troch te rinnen. "Heerenveen is een belangrijk deel van mijn leven", sjocht er werom. "Ik wil iedereen bedanken voor de warmte en het vertrouwen dat ik hier altijd heb gevoeld."

(advertinsje)
(advertinsje)