Pommeranten Pries foar keunstner Marten Winters

17 apr 2019 - 21:03

Keunstner Marten Winters út It Hearrenfean hat woansdeitejûn de Pommeranten Pries 2019 fan de Ljouwerter Histoaryske feriening Aed Levwerd útrikt krigen. Mei syn mienskips-keunst projekten, lykas Schip de Lading en 8ste Dag hat hy in soad minsken berikt en oan him ferbûn.

Foto: ANP

Winters boude tegearre mei goed 3.000 Friezen twa jier lang oan in skip fan papier-masjee, dy't yn 2011 fan ôf de Blokhuispoort nei de stedsgrêft by de Noorderbrug ferfierd waard.

Troch it skip waard de op It Hearrenfean berne keunstner noch mear oan Ljouwert bûn. Earder wie Winters ek belutsen by filmfoarstellingen op ferskate lokaasjes, ûnder oare de drive-in film yn De Zuidlanden. By Kulturele Haadstêd kaam it projekt de 8ste Dag yn it bidbook. Ek by dit projekt wie it doel: wat yn beweging sette en minsken útnûgje om mei te dwaan.

Prikeljende teksten op Ljouwerter gebouwen

Sûnt 2018 binne op ferskate gebouwen yn de stêd Ljouwert prikeljende teksten te sjen. Ek dat is in projekt fan Winters. Tegearre mei ûntwerper Aad van Altena lit Winters mei it projekt Sichtberens op in byldzjende manier meartaligens sjen. Under oare op it Wilhelminaplein, yn it Ljouwerters: "Ja jonge, nee juh. Ja juh, nee Jonge. Op en by de Blokhuispoort Yn sicht en op de Nieuwstad Yn it hert.

Foto: Omrop Fryslân

De Pommeranten Pries

De Pommeranten Pries is bedoeld foar minsken of ynstellingen dy't yn Ljouwert op kultureel of histoarysk mêd in belangrike rol spile ha. De priis, in gouden spjelde en in oarkonde, wurdt útrikt troch Piet Meerdink, foarsitter fan des sjuery. De sjuery fan de Pommeranten Pries bestiet út Piet Meerdink, Walter Kromhout en Silvana Fancel.

(advertinsje)
(advertinsje)