Sliedrecht Sport te sterk foar VC Snits yn earste duel om lânstitel

17 apr 2019 - 20:46

De follybalsters fan VC Snits binne de striid om de lânstitel úteinset mei in 3-0 ferlies tsjin Sliedrecht Sport. Yn sporthal De Basis wiene de Snitser froulju kânsleas. It wie it earste duel yn de bêste-fan-fiif searje.

De froulju fan VC Snits ferlearen de earste set kânsleas mei 25-15. Yn de spannende twadde set kamen de Snitsers op in 21-19 foarsprong, mar oan it ein fan de twadde set kamen se dochs tekoart. De pear punten foarsprong ferdwûnen rap en it waard 25-22.

Yn de tredde set slagge Snits der net yn om it de Sliedrechsters lestich te meitsjen. It ferskil rûn hurd op en de Snitsers ferlearen ek de tredde set kânsleas mei 25-10.

It Nederlânsk kampioenskip follybal foar foulju is in best-of-five searje tusken Sliedrecht Sport en VC Snits. Nei it earste duel stiet Sliedrecht mei 1-0 foar.
De twadde wedstriid is snein 21/4 yn Snits (16.00 oere), en duel 3 is woansdei 24/4 yn Sliedrecht (19.30).
As it kampioenskip dêrnei net beslist is (gjin 3-0) dan stiet duel 4 útskreaun op snein 5 maaie yn Snits. In eventueel allesbeslissend 5e duel is dan op sneon 11 maaie yn Sliedrecht.

(advertinsje)
(advertinsje)