"Hurder optrede tsjin permaninte bewenners rekreaasjepark by Grou"

17 apr 2019 - 19:41

De gemeente Ljouwert moat folle hurder optrede tsjin minsken dy't permanint wenje op rekreaasjepark Yn 'e Lijte yn Grou. Dat easket de eigener fan it rekreaasjepark. Neffens Jan Jan Brouwer fan Yn 'e Lijte feroaret it eilân by Grou stadichoan yn in gewoane wenwyk.

Rekreaasjepark Yn'e Lijte Grou - Foto: Omrop Fryslân

Neffens Brouwer is dat yn striid mei gemeentlik en provinsjaal belied. Brouwer sei dat woansdei foar de Ried fan Steate. De gemeente Ljouwert lei dêr tsjin yn dat sy genôch docht om permaninte bewenning tsjin te gean.

Yn it nije bestimmingsplan hawwe alle wenningen en it kampearterrein in rekreaasjebestimming krigen. Allinnich sa'n 60 minsken dy't altyd al fêst op it rekreaasjeterrein wenje, meie dêr bliuwe. Nije eigeners meie dat net.

De Ried fan State sil útsykje oft de útstjerregeling foar permaninte bewenning op it eilân doocht. Oer in pear wike folget de útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)