FIDEO: IepenUP: Frijheidskolleezje mei Özcan Akyol

17 apr 2019 - 19:30

Yn IepenUP Live komt Özcan Akyol (1984) del. Hy seit wat er fynt en sparret net ien. Hy wurdt soms 'Eus' neamd nei it haadpersonaazje út syn suksesfolle debút út 2012. Hy is ek kollumnist. Hy is geregeld te sjen yn telefyzjeprogramma's.

Özcan Akyol sil yn syn kolleezje prate oer de frijheid fan ekspresje. Hy fertelt oer syn ûnderfiningen en fernimt dat tanimmend tribalisme yn de maatskippij ferskillende foarmen fan frijheden ûnder druk set.

Yn oanrin nei en op 5 maaie binne yn Nederlân goed 40 Vrijheidscolleges troch ferskillende sprekkers.

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk. Yn it wyklikse praatprogramma IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker tsjinkomme en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)