Famylje Sint-Jabik: "We hebben een opvangplek voor minstens een jaar nodig"

17 apr 2019 - 17:38

De troch brân troffen pleechfamylje út Sint-Jabik krijt massaal stipe fan doarpsbewenners. Har wenbuorkerij baarnde tiisdei folslein ôf. Dêrtroch binne 14 pleechbern en harren mem dakleas. Mei in crowdfundingsaksje en kleanynsammelaksje binne omwenners begûn om de famylje te helpen. Mar der is noch ien grut probleem: ûnderdak foar in langere periode. Yn Fryslân Hjoed prate mei twa bern út de húshâlding.

Piet is ien fan de pleechbern en wie op skoalle doe't hy der efter kaam dat syn hûs yn 'e brân stie. "Ik werd een beetje boos en verdrietig. Ik kwam thuis en ik zag dat het hele huis weg was", fertelt er. De famylje fan 14 is opfongen yn in fakânsjebuorkerij. Se binne net ferwûne rekke, mar de skrik sit der aardich yn. De klean dy't Piet in dei letter oan hat binne net fan him, fertelt er. Dy hat er krigen fan in freon dy't de famylje helpt.

Foto: Omrop Fryslân

Ik denk dat er inmiddels wel 30 of 35 kinderen bij ons zijn opgevangen. Mijn moeders instelling is altijd: 'Als er een bed vrij is, dan ben je welkom.'

Wouter de Groot

"Als er een bed vrij is, dan ben je welkom"

Anneke de Groot fangt al sawat 30 jier pleechbern op. "Ze heeft bijna haar hele leven gegeven om kinderen op te vangen", fertelt Wouter de Groot. Hy is in biologyske soan fan Anneke en wit net better as dat syn mem dit docht. "Ik denk dat er inmiddels wel 30 of 35 kinderen bij ons zijn opgevangen. Mijn moeders instelling is altijd: 'Als er een bed vrij is, dan ben je welkom.' Dat vind ik wel heel bijzonder."

Wouter de Groot wennet op it stuit al twa jier op him sels, mar is noch alle dagen belutsen by it gesin, krekt as de rêst fan it doarp.

Piet van der Meer is al jierren lang frijwilliger by it gesin en giet bygelyks mei de bern te karten. "It is in drama, ik bedoel der wie safolle fernijd en opknapt oan de buorkerij. As je dit sjogge dan is der neat mear fan oer. Ik ha der gjin wurden foar", seit Van der Meer.

Kleanynsammelaksje op CSG Ulbe van Houten

Net allinnich yn Sint-Jabik is stipe foar de famylje, mar ek op middelbere skoalle CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne binne woansdei klean ynsammele. Trije fan de 14 bern geane dêr nei skoalle.

Dosint Patrick van Remundt hat de aksje op tou set. "We hebben het er vandaag uitgebreid over gehad in de klassen en het grijpt heel veel kinderen aan. Er zijn heel veel kinderen die gisteravond in de kledingkast hebben gekeken of ze nog wat over hadden. En dan heeft iedereen ook best wat over", fertelt master Patrick van Remundt.

Op dit stuit binne safolle klear ynsammele dat se de aksje op stopset ha.

Het huis moet opgebouwd worden. Dit is ons thuis, hier ben ik opgegroeid.

Piet, pleechbern
Foto: Omrop Fryslân

Wenplak foar in jier

Wouter de Groot is hiel bliid mei alle help út it doarp, mar harren grutste soarch is noch hieltyd it opfangplak. De 14 bern en mem Anneke ha oant takom freed in plak, mar dêrnei wolle se it leafst nei in plak ta dêr't se in jier wenje kinne. Der wurdt al praat oer in oantal opsjes bygelyks wenunits, mar dat wolle se leaver net.

Wouter de Groot: "Mijn moeder vindt het heel belangrijk dat ze allemaal bij elkaar blijven, dus het liefst dat ze niet opgesplitst worden."

It opfangplak soe foar in jier wêze om't se tinke dat se dan it âlde hûs wer opboud ha. Piet is ek hiel bliid dat it mooglik is om úteinlik op itselde plak te wenjen. "Het huis moet opgebouwd worden. Dit is ons thuis, hier ben ik opgegroeid."

Op in donearwebside is al in pear tûzen euro ophelle foar dizze famylje.

Trefwurden: 
brân Sint-Jabik pleats
(advertinsje)
(advertinsje)