Friesland Lease bliid: Stint meikoarten wer op 'e dyk
By Friesland Lease binne úteinlik tusken de 40 en de 50 opsizzingen binnenkaam fan bernedeiferbliuwen dy't gebrûk makken fan de Stint, dat seit direkteur Beljeu fan Friesland Lease. De Stint waard ferbean, nei in slim ûngelok, in heal jier lyn yn Oss. Dêrby kamen fjouwer jonge bern om it libben.
De ferwachting is dat de polityk yn Den Haach de Stint meikoarten wer tastean sil. Allinnich in moasje fan de PVV dêroer moat noch ôfwachte wurde. Friesland Lease hie sa'n 700 Stints yn de ferhier en de ferwachting is dat dy nei de simmerfakânsje wer folop brûkt wurde sille. Dêrby is ûnder oaren it remsysteem en de ferljochting fan de elektryske bolderkar oanpast. De finansjele skea is neffens it Drachtster bedriuw beheind bleaun, omdat de stint mar in lyts ûnderdiel is fan Friesland Lease.