FIDEO: Hoe komt it mei de formaasje fan Provinsjale Steaten?

17 apr 2019 - 17:13

De opposysje yn Provinsjale Steaten is kritysk op de gong fan saken by de ynformaasje fan in nij kolleezje. CDA, VVD, FNP en PvdA binne allinne dwaande mei it krijen fan de mearderheid en sjogge te min nei de ynhâld. Dat seit fraksjefoarsitter Matthijs Sikkes-van den Berg fan GrienLinks. Oer dizze en oare saken yn de steaten praat ferslachjouwer Andries Bakker ús by.

Ek oare partijen ha in soad fragen oer it proses dat laat is troch ynformateur Harry van der Molen fan it CDA.

By it steatedebat waard woansdei ek bekend dat Evelien Blaauw de formateur wurdt. Sy sil CDA, VVD, FNP en PvdA begeliede yn it meitsjen fan ynhâldlike plannen foar Fryslân. Se hat yn it ferline gemeentesikretaris west fan de eardere gemeente Skarsterlân.

By de VVD wurdt Klaas Kielstra as deputearre ferfongen troch Avine Fokkens.

(advertinsje)