Stijn Douma út Marrum hat syn helphûn krigen

17 apr 2019 - 17:05

Stijn Douma (14) út Marrum hat syn helphûn krigen. Mei de benefytaksje, opset troch syn âldere sus, waard ferline jier úteinlik 43.000 euro ophelle. Dêrmei koe de komst fan in helphûn betelle wurde. It is de labrador retriever Vico wurden.

Sus Mirthe

"Ik fyn it hiel bysûnder hoe't it allegear gien is. Dit hie ik nea tocht doe't ik de earste benefytaksje opsette." Oan it wurd is Mirthe, de grutte suster fan Stijn. De famylje hie noch nea earder in hûn hân, dus dat wie yn it begjin wol efkes wennen: "Ja, dat wie wol apart. Dan hast ynienen in hûn yn 'e hûs. Mar no kin ik my al hast net foarstelle hoe't it wie sûnder Vico hjir by ús."

Mirthe Marije Douma - Foto: Omrop Fryslân

Myrthe hie om jild yn te sammeljen mei freonen in benefytkonsert organisearre. Fierder binne der skoallen en tsjerken dy't mei ferskate aksjes ek bydroegen hawwe oan it opheljen fan jild. Uteinlik is sa 43.000 euro ophelle.

Yn augustus ferline jier wie der genôch jild sammele mei de ferskate benefytaksjes. Op hast itselde momint wie der by de stifting Hulphond Nederland, út it Brabânske Herpen, in hûn fûn dy't in mooglike match mei Stijn ha koe. Bysûnder, want foar it type syktebyld fan Stijn, epilepsy, komme elk jier sa'n fiif hûnen beskikber.

Stijn Douma - Foto: Omrop Fryslân

Doarren iepenje

Yn de praktyk witte se by de stifting it syktebyld fan in pasjint, yn dit gefal Stijn. In bepaald type helphûn is mear bedoeld om doarren te iepenjen, post te heljen ensa mear. Stijn hie mear ferlet fan in hûn dy't gefoelich is op emosjoneel mêd. Sa kin de hûn fiele dat Stijn fertrietlik is, en dan krûpt er him út eigen inisjatyf efkes oan.

Doe't de match makke wie, is in hiel trajekt begûn. Earst in earste moeting, dêrnei hieltyd langer en faker, om oan inoar te wennen. Fan it begjin ôf wie der in klik tusken Stijn en Vico.

It fielt yntusken fertroud dat Vico thús is by de famylje, se ha nea in hûn hân, mar dêr is in hiel proses oerhinne gien. Sa hat de hûn earst in pear kear te wennen west, en dêrnei soe er in wykein bliuwe. Dat befoel sa goed, dat Vico net mear fuort west hat. Yn it begjin mochten de oare famyljeleden harren ek net tefolle bemuoie mei Vico, want hy moast him dúdlik hechtsje oan Stijn. Dat hat eins nea in probleem west, se fiele mekoar goed oan.

Training

De training giet noch hieltyd troch, in pear kear yn de wike troch minsken fan de stifting. Ek op skoalle en dat soad fan saken. De famylje seit der ek altyd by, dat de hûn tsjinwurdich meigiet. Mei ek gewoan de supermerk yn, wurdt nea in probleem fan makke.

Mei sa'n helphûn wurdt it libben fan Stijn en syn famylje nofliker, omdat der dan net 24 oeren op in dei in oare persoan by him hoecht te wêzen, lykas dat no it gefal is. In helphûn fielt in healoere yn it foar oan dat Stijn in oanfal kriget. Hy kin derfoar soargje dat Stijn yn feilichheid brocht wurdt.

No't Vico by de famylje wennet, is dat ek wol oplette, sa seit suster Myrthe: "Vico moat him oan Stijn hechtsje. Dat is wichtich foar him en foar Stijn. Dêrom meie wy him wolris aaie of sa, mar dêr bliuwt it by. Wy kieze dêr in bytsje in momint, bygelyks jûns efkes. We ha dus in hûn hjir, mar eins ek wer net. Mar ik fyn it hiel leuk dat wy him no ha en we binne der hiel wiis mei."

Medyske flater

Stijn wie sân jier en sûn, doe't er op de camping troch in mich stutsen waard. As gefolch dêrfan hat er in libbensbedriigjende firusynfeksje oprûn. De skea oan syn harsens is dêrnei troch in medyske flater ûntstien. Dêrtroch kriget er geregeld swiere epilepsy-oanfallen.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Marrum Stijn Douma helphûn
(advertinsje)
(advertinsje)