Skaalmodellen fan Ids Willemsma binne foar it earst te sjen

17 apr 2019 - 16:59

In bysûndere útstalling fan Tresoar yn it gebou Obe op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is woansdei iepene: de skaalmodellen fan de grutte keunstwurken fan Ids Willemsma (1949). It binne de earste ûntwerpen fan de grutte lânskipskeunstwurken dy't Willemsma makke hat. Bygelyks de timpel op de seedyk by Marrum, mar dan in heale meter heech. It is foar it earst dat de Fryske keunstner syn skaalmodellen sjen lit oan it publyk.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Bert Looper, direkteur fan Tresoar, frege ferline jier oan Ids Willemsma oft er de modellen ris toane woe. Earst woe Willemsma der neat fan witte. "Se stienen by my yn it hok te rotsjen en te rustkjen. Sa'n 150 modellen binne al ferrotte en fermôge. Eins skande dat ik der net folle wearde oan hechte. Ik fûn se net goed genôch. Dy grutte dingen binne moaier", fertelt Ids Willemsma. Der binne noch in goeie 100 oer, dy't no útstald steane yn Obe.

Bert Looper seach yn Akkrum foar it earst wurk fan Willemsma. Dat wie it oarlochsmonumint, ûntbleate yn 1970, al hast fyftich jier ferlyn. "Dat wit ik noch goed,'seit Looper. 'It wie ien fan syn earste wurken yn de iepenbiere romte. De trochbraak fan de abstraksje yn Fryslân."

Looper fûn dat de skaalmodellen sjoen wurde moatte. "Se ha in eigen krêft en binne geweldich moai. Der sit ek allegear nij wurk by, op skaal, dat dus net yn it grut útfierd is."

Willlemsma is wol wiis mei de útstalling. Tegearre mei in maat hat er de hiele winter fan 2018 dwaande west de modellen skjin te meitsjen en op te poetsen. "Ik moast der earst oan wenne, mar stadichoan bin ik wer fan de modellen begûn te hâlden."

De tentoanstelling 'IDS! sjen sjoch sjoen' is oant en mei 1 septimber te sjen yn Obe yn Ljouwert. By de tentoanstelling hat Tresoar de hiele simmer ek in programma mei lêzingen en oare aktiviteiten rûnom Ids Willemsma.

(advertinsje)
(advertinsje)