Unrêst yn Marsum om bernelokker

17 apr 2019 - 16:37

De plysje warskôget foar in bernelokker yn Marsum. Bern binne tiisdei en woansdei oansprutsen troch de bestjoerder fan in swarte pickup, mei in reade streep oan de sydkant. De man stelde de bern neffens de plysje 'ongepaste vragen'.

Foto: googlemaps

De plysje wol net yngean op de fraach wat de man dan krekt sei. De bern binne fuortrûn en hawwe it ynsidint meld by har âlden. Dy ha dêrnei de skoalle en de plysje warskôge.

Alle âlden hawwe woansdei fan basisskoalle de Pôlle berjocht krigen oer de bernelokker. De plysje freget no om út te sjen nei de auto. As ien wit wêr't de auto stiet of wa't yn sa'n auto rydt, kin kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844 of fia 112.

(advertinsje)