Stijn Schaars hâldt nei dit seizoen op mei fuotbaljen

17 apr 2019 - 16:09

Stijn Schaars hâldt nei dit seizoen op mei fuotbaljen. De 35-jierrige Hearrenfean-oanfierder hat tefolle lêst fan blessueren en hat dêrom besletten nei dit seizoen op te hâlden. Ferline jier bruts hy op in training syn kûtbonke en dêr hat hy noch altyd lêst fan.

Foto: Orange Pictures

"Ik heb geen zin meer in structurele fysieke problemen. Mentaal kan ik het nog makkelijk, ook qua conditie en spel. Alleen je hebt ook met je lichaam te maken en dat geeft nu gewoon aan dat het beter is om te stoppen." Schaars seit dat de breuk wol goed opknapt is, mar dat hy oare fysike problemen krigen hat.

"Iedereen weet dat ik een zware blessure heb gehad, daar ben ik eigenlijk heel goed van genezen. Ik heb de tweede seizoenshelft weer lekker kunnen voetballen, alleen heb ik wel weer een paar andere dingen fysiek opgelopen. Hierdoor denk ik: ik kan wel doorgaan maar dan wordt het een beetje pappen en nathouden."

Schaars kiest derfoar om syn karriêre te beëinigjen. "Daar heb ik geen zin meer in. Het was echter wel een lastige keus. Voetbal is iets wat je hele leven beheerst heeft. Je bent op je twaalfde begonnen in de jeugdopleiding van Vitesse en op je achttiende maak je je debuut. Nu ben ik vijfendertig jaar en zeventien seizoenen verder als profvoetballer. Die jaren zijn voorbij gevlogen. Je sluit nu wel iets af. Dat is niet zomaar iets, dat is niet makkelijk."

Schaars kaam yn 2016 nei SC Hearrenfean. Hy waard oernaam fan PSV. Schaars spile 62 kear foar Hearrenfean en skoarde fiif kear.

Earder spile hy foar Vitesse, AZ, Sporting Lissabon en PSV. Hy spile 24 kear foar it Nederlânsk alvetal. De lêste kear wie doe hy by Hearrenfean spile. Yn 2016 spile hy yn in oefenwedstriid tsjin België en foel hy nei 15 minuten blesseard út. Schaars waard Nederlânsk Kampioen mei AZ en twa kear mei PSV. Yn 2006 waard hy Europeesk Kampioen mei Nederlân op it EK ûnder de 21.

(Advertinsje)
(Advertinsje)