Feilichheidsyndeks: binnenstêd en Oud-Oost minst feilige wiken yn gemeente Ljouwert

17 apr 2019 - 16:01

Ut de 'Veiligheidsindex' fan de gemeente Ljouwert docht bliken dat de binnenstêd en Oud-Oost de minst feilige wiken yn gemeente binne. De gemeente Ljouwert hat woansdei de 15de yndeks presintearre. Dy yndeks lit de objektive sifers fan de plysje sjen, oer bygelyks kriminaliteit, kombinearre mei subjektive sifers dy't út in befolkingsenkête komme.

De yndeks berekkenet wykrapportsifers op basis fan alve ûnderdielen. Wiken dy't leger as in 5 skoare, krije 'koade read'. Tusken 5 en 6 is dat giel, blau foar wiken tusken de 6 en 7,5 en grien foar de wiken mei in skoare heger as 7,5.

Foto: Omrop Fryslân

Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert

De twajierlikse befolkingsenkête is begjin 2018 hâlden. Ljouwert is stabyl bleaun yn ferliking mei ferline jier.

  • Stellerij: fytsestellerij is tanaam fan 795 nei 854, der binne minder motoaren/auto's stellen (fan 163 nei 116) en der wie ek minder bûsehifkerij (65 nei 38)
  • Drugsoerlêst is tanaam fan 491 nei 626
  • Geweld: sedemisdriuwen binne sakke fan 203 nei 164, iepentlik geweld tanommen fan 19 nei 31
  • Ferkear: minder ûngelokken (mei letsel fan 135 nei 107, sûnder letsel 550 nei 513)
  • Skjin en hiel: minder meldingen oer grien (3.362 nei 3.091)
  • Leefberheid en feilichheid: wurkleazens is wat ôfnaam
  • Ynbraak: stabyl
  • Fandalisme: stabyl
  • Jeugdoerlêst: stabyl

Wat opfallend tanaam is

Der binne mear meldingen fan cybercrime en minsken dy't yn de war binne, benammen mear âldere minsken. Ek binne mear meldingen binnenkaam fan 'burengerucht'.

Wat opfallend ôfnaam is

Der is minder oerlêst meld fan swalkers en minder drugshannel. Der binne minder saken fernield, it measte dat fernield is, is yn de binnenstêd en rjochting 't Vliet en Cambuursterhoek.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferskil tusken stêd en doarp

Jûns fielt 83% fan de minsken him feilich, yn de doarpen is dat mear as 90%. Fytsestellerij komt yn de doarpen net folle foar, ek fandalisme is dêr minder.

Wenningynbraken komme yn de stêd mear foar, mar yn 2018 ek relatyf in soad yn de wyk Dokkumer Ie en omstreken, Britsum, Jelsum, Lekkum en Blitsaerd.

Fandalisme komt yn de stêd foar, mar ek yn de doarpen Wurdum , Wergea en omstreken). Bedriging en mishanneling binne foaral problemen yn de stêd. Dat is ek sa by drugsoerlêst sa, mar dan foaral de eastlike wiken fan Ljouwert op nei Camminghaburen nei.

Foto: Google Streetview
(advertinsje)
(advertinsje)