HEA! Magneetfiskje yn 'e grêften

17 apr 2019 - 15:48

De Ljouwerter stedsgrêften lizze fol mei skatten. Sietse Keekstra (15) en Tim de Raad (11) smite dêrom gauris in magneetsje út om ferrassings op te fiskjen. Faak lûke se allegear fytsen omheech, dy't yn it wetter smiten binne. Dy litte se lizze foar de gemeente of foar de âld izerboer. Mar se krije ek oare peareltsjes boppe wetter: kaaibosken en kettings. Koartlyn fûnen se sels noch in Alvestêdetochtkrúske en in wapenpatroan.

(advertinsje)
(advertinsje)