UPDATE: Untsnapte finzene yn Veenhuizen is pakt

De plysje hat woansdei yn Veenhuizen en omkriten dwaande west mei in grutte sykaksje nei in ûntsnapte finzene. Krekt nei fjouwer oere koe er oanhâlden wurde yn Kropswolde. It is noch net dúdlik hoe't de man útnaaie koe.
© De Vries Media
It komt net sa faak foar dat finzenen ûntsnappe út Veenhuizen. Earder dizze moanne waard dat noch al besocht, mar doe waard de detinearde by in rûtinekontrôle betrape. De lêste slagge ûntsnapping wie yn 2009. Doe koene twa finzenen útnaaie.