Nije fearboaten fan Doeksen komme letter

17 apr 2019 - 14:54

De twa nije fearboaten fan Rederij Doeksen, dy't farre op ierdgas, kinne pas fjouwer moannen letter ynset wurde as tocht. Dat hat de rederij woansdei bekendmakke. De twa nagelnije skippen binne op dit stuit ûnderweis fan Fjetnam nei Nederlân.

Foto: Rederij Doeksen

De ferwachting is dat se yn de tredde wike fan maaie oankomme sille. De fertragings komme troch de finansjele problemen by de werf dy't de skippen ôfbouwe soe.

Nije tsjinstregeling wurdt útsteld

Nei yntinsyf ûnderhanneljen hat Doeksen besletten om de skippen sels ôf te bouwen. Dat hat wol konsekwinsjes foar de minsken dy't al boekt hiene yn septimber en oktober. Foar har feroarje de reistiden. Doeksen hie yn septimber neffens in nije tsjinstregeling farre wollen. Dan soe der faker fearn wurde tusken Harns en Skylge, mar dat moat no útsteld wurde. "Dat is ontzettend jammer", sa reagearret direkteur Paul Melles fan Doeksen, "maar wij willen mensen nu in ieder geval duidelijkheid geven."

Yn 2016 joech Rederij Doeksen de Australyske firma Strategic Marine opdracht om twa nije catamarans te bouwen, dy't farre op LNG (Liquefied Natural Gas). Doel is dat de skippen farre fan Harns nei Skylge en fan Harns nei Flylân.

Suniger en skjinner

Untwerpburo Vripack út Snits tekene foar it ûntwerp fan it ynterieur en it eksterieur. De nije skippen binne foarsjoen fan ynnovative tapassingen dy't de skippen folle suniger en skjinner meitsje moatte.

Subsydzje

Doeksen hat foar it nijbouprojekt in subsydzje krigen fan 1,2 miljoen euro, fan it Waadfûns. Neffens Doeksen bliuwt de finanasjele skea fan de fertraging frij beheind. "Maar natuurlijk is er wel schade, alleen al omdat je nu het hele team dat belast is met de nieuwbouw, langer in stand moet houden". Hy hopet dat dit de lêste tsjinslach west hat by de bou fan de nije fearboaten. "Wij zijn nu zelf 'in control'".

We zijn heel enthousiast over wat er gebouwd is, dus hebben we besloten om eerder de schepen in eigendom te nemen dan gepland.

Paul Melles, direkteur Rederij Doeksen

De werf hie al in skoft finansjele problemen, mar der wie mooglik ek in nije jildsjitter. Doe't dúdlik waard dat de werf net út de problemen kaam, hat Doeksen besletten de skippen yn eigen behear ôf te meitsjen.

"We zagen dat de werf niet in staat was de schepen af te bouwen. Dan kun je twee dingen doen: het contract opzeggen, dan heb je je centen terug en geen schepen. Maar we zijn heel enthousiast over wat er gebouwd is, dus hebben we besloten om eerder de schepen in eigendom te nemen dan gepland." Nettsjinsteande dat it plan bysteld wurde moast, is Melles bliid dat se de skippen no yn eigen behear ha. Nei alle gedachten sille de nije skippen yn januari ynset wurde.

Paul Melles, direkteur fan Rederij Doeksen, oer de nije skippen

Trefwurden: 
fearboat Doeksen
(advertinsje)
(advertinsje)