Ynwenners fan Sint-Jabik wolle dupearden fan de brân helpe

17 apr 2019 - 13:58

De troch brân troffen famylje út Sint-Jabik hat de nacht fan tiisdei op woansdei trochbrocht op in pleats yn Ingelum, neidat se yn earste ynstânsje opheind waarden yn it MFC yn it doarp. It giet om in frou mei fjirtjin pleechbern. Dat ûnderdak wie regele troch de stichting Salvage. It giet om needopfang oant freed.

De grutte brân yn de wenbuorkerij fan de famylje oan it Noordeinde hat bot yndruk makke op de ynwenners fan Sint-Jabik. Der binne in soad minsken dy't wol wat foar dizze grutte pleechfamylje mei 14 bern dwaan wolle.

In part fan de bern sit yn it doarp op skoalle, de âldere bern gean op skoalle yn Sint-Anne, Frjentsjer en Ljouwert. Ferskate minsken út it doarp hawwe fuortendaliks oanbean om guon fan de bern op te heinen, mar de pleechmem woe it gesin leaver byinoar hâlde en sa is it gien.

Neffens Pleatslik Belang giet it derom dat dizze famylje goed holpen wurdt en om wat sy wolle. It soe it moaiste wêze as de bern gewoan op deselde skoalle bliuwe kinne en ek yn it doarp wenjen bliuwe kinne.

Pleatslik Belang wol graach meitinke oer alternative húsfêsting, der is in leechsteande skoalle yn it doarp. Miskien lizze dêr wol mooglikheden.

Marcel van de Vaart, foarsitter fan Pleatslik Belang

Op in donearwebside is al in pear tûzen euro ophelle foar dizze famylje. Twa fan de bern fan de húshâlding sitte op de Ulbe van Houtenskoalle yn Sint-Anne. Dizze skoalle hold woansdei fuortendaliks in ynsammelaksje foar klean. Dy waarden woansdei oan 'e ein fan de dei oerdroegen oan in jongeman, dy't earder yn it pleechgesin wenne. "Ik ben mentor van twee van de kinderen uit het gezin. Ik vond dat ik wat moest doen", seit biologydosint Patrick van Remundt. De skoalle briedt noch op ferfolchaksjes nei de maaiefakânsje.

De troffen húshâlding wol besykje om de wenbuorkerij wer op te bouwen mei jild fan de fersekering, mar foarearst is it gebou ûnbewenber. Der sil dêrom earst tydlike húsfêsting komme moatte, by foarkar yn Sint-Jabik of direkte omjouwing. Foarsitter Brand de Haan fan it multyfunksjonele sintrum flakby de wenbuorkerij tinkt dat de famylje dêr ek wol wat finansjele help by brûke kin. "It is miskien wat in raar foarbyld, mar as se yn Parys yn twa dagen tiid 800 miljoen ophelje kinne foar de Notre Dame, dan moat hjir ek wol wat mooglik wêze."

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Dosint Patrick van Remundt fan Ulbe van Houten yn Sint-Anne

Foarsitter Brand de Haan fan it MFC fan Sint-Jabik

Piet, ien fan de pleechbern, seach woansdei ek even by de wenbuorkerij

(advertinsje)