DNA fan sân blokkearfriezen net bewarre yn lanlike databank, fan twa wol

It DNA fan sân blokkearfriezen bliuwt net bewarre yn de lanlike databank, mar fan twa wol. Dat hat de riedkeamer fan de rjochtbank Noard-Nederlân woansdei besletten.
DNA fan sân blokkearfriezen net bewarre yn lanlike databank, fan twa wol
Njoggen A7-blokkearders hiene beswier yntsjinne oer it ôfnimmen en bewarjen fan harren DNA yn de lanlike databank. Se fine dat se nei harren blokkade fan de A7 by De Jouwer behannele wurde as swiere kriminelen.
De rjochtbank fynt dat wat de blokkearfriezen dien ha op de A7 net "DNA-waardig" is. Dêr wurdt mei bedoeld dat dizze feiten net op te spoaren binne mei DNA-ûndersyk. De beswieren fan twa blokkearders binne lykwols ôfwiisd troch de riedkeamer, omdat dizze twa al in strafblêd ha foar slimme feiten.
Foar de blokkade binne de blokkearfriezen earder feroardiele ta in taakstraf. Ein septimber tsjinnet it heger berop yn de strafsaak tsjin de blokkearders. It gerjochtshôf fan Ljouwert lûkt dêr fjouwer dagen foar út.
Jenny Douwes is ek oproppen om har DNA ôf te jaan. Se giet dêr net foar nei it plysjeburo ta, seit se. "Dat is allinne mar tiidfergriemerij." Se ferwachtet dat de plysje har yn de kommende dagen wol opheljen sil.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Tjalling van der Goot, advokaat