Jeffrey Graansma en Esther de Vrij beëdige as nije kommisjeleden by steatefraksjes

17 apr 2019 - 13:00

Jeffrey Graansma en Esther de Vrij binne beëdige as kommisjeleden fan Provinsjale Steaten. In kommisjelid is gjin lid fan Provinsjale Steaten, mar kin wol meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Ek kin hy of sy út namme fan de fraksje lid wêze fan steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

Esther de Vrij - Foto: eigen foto

PVV-er Jeffrey Graansma is 19 jier, komt fan Boelensloane en studearret bestjoerskunde oan de Thorbecke Akademy. Foar de VVD is Esther de Vrij (1977) fan De Lemmer beëdige. Se is direkteur-bestjoerder fan Zorgbelang Fryslân. Yn de foargeande steateperioade wie sy ek kommisjelid.

Alle fraksjes ha de mooglikheid om de earstfolgjende op harren kandidatelist as kommisjelid oan te wizen. Underwilens ha acht fraksjes dêr gebrûk fan makke.

(advertinsje)
(advertinsje)