Berntsje sit fêst yn nije boarterstún yn Dokkum

17 apr 2019 - 12:59

Yn de nije boarterstún by de Burgerskoalle yn Dokkum kaam woansdeitemoarn in jonkje mei syn skonk fêst te sitten tusken in rige houten peallen.

De helptsjinsten by de Burgerskoalle - Foto: De Vries Media

It jonkje is troch brânwachtminsken fan Dokkum befrijd. Nei kontrôle die bliken dat it bern net nei it sikehûs hoegde.

Trefwurden: 
Dokkum boarterstún feiligens
(advertinsje)
(advertinsje)