Jeffrey Talan oer de winst fan Ajax: "Het is speciaal omdat ik de jongens persoonlijk ken"

17 apr 2019 - 12:52

De sensasjonele oerwinning fan Ajax tsjin Juventus yn de Champions League tiisdeitejûn soarget ek foar laitsjende gesichten by Sportklup Hearrenfean. Sa hat haad-jeugdopliedingen Jeffrey Talan earder yntinsyf gearwurke mei Hakim Ziyech en Daley Sinkgraven.

Jeffrey Talan hat de wedstriid fansels ek sjoen. "Normaal ben ik niet zo emotioneel betrokken bij wedstrijden, maar bij de goal van De Ligt heb ik wel mijn vuist in de lucht gedaan. Het was bijzonder en mooi om ze in de Champions League te zien, het is speciaal omdat ik de jongens persoonlijk ken en met ze heb getraind. Daley stond tegenover Ronaldo. Hij viel goed in, heeft het naar behoren gedaan en heeft aan de bal goede dingen laten zien."

Foto: ANP

Doe't er se yn de jeugd by SC Hearrenfean seach, hie er net fuort it idee dat se yn Oranje of de Champions League stean soenen. "Wel dat ze in het eerste konden spelen."

Hy folget de spilers mei belangstelling, want as bygelyks Zyiech ferkocht wurdt, krijt SC Hearrenfean dêr ek jild foar, in saneamde 'opleidingsvergoeding'.

Jeffrey Talan

(advertinsje)
(advertinsje)