Befrijer fan Ljouwert krijt eigen nei him ferneamde tulp

17 apr 2019 - 12:16

De Kanadeeske oarlochsheld Don White is woansdei eare mei in eigen tulp. White wie ien fan de soldaten dy't yn 1945 holpen hat by de befrijing fan Ljouwert.

Foto: ANP

White wie 20 jier âld doe't er yn Fryslân de frijheid werombrocht. De Kanadeeske feteraan wie ien fan de soldaten dy't yn 1945 Ljouwert befrijde fan de Dútske besetter. Om de oarlochsheld nochris goed yn it sintsje te setten is der no in tulp nei him ferneamd: de Don White Tulp. Minister-president Rutte wie woansdeitemoarn oanwêzich om de tulp offisjeel te presintearjen en te doopjen.

De premier wie ferline jier op de Ljouwerter befrijingsdei yn de kunde kaam mei White. De tulp is in earbetoan oan de Kanadees persoanlik, mar ek oan alle oaren dy't meiholpen hawwe om Europa te befrijen.

(advertinsje)