Tekening fan Alma Tadema op rommelmerk fûn

It Fries Museum yn Ljouwert hat in tekening fan Alma Tadema kocht dy't op in rommelmerk fûn is. It giet nei alle gedachten om in portret fan syn nicht Sientsje Tadema. It wurk waard oanbean oan it museum troch de persoan dy't it op de rommelmerk yn Brussel fûn.
Tekening fan Alma Tadema op rommelmerk fûn
De oanbieder út Antwerpen ûntduts de tekening op de ferneamde âlde merk oan it Vossenplein yn Brussel. Hy naam dêrnei kontakt op mei it Fries Museum. Marlies Stoter fan it museum ûndersocht it wurk en werkende Alma Tadema der yn oan de kombinaasje fan de fine lyntsjes en sterk oansette potloadlinen yn de tsjustere partijen fan de tekening.
Sir Lawrence Alma-Tadema (1836-1912) is in Fryske keunstner dy't nei Ingelân emigrearre nei syn stúdzje oan de keunstakademy yn Antwerpen.
Yn 2016 wie der in grutte tentoanstelling oer de keunstner yn it Fries Museum. Dat wie in grut sukses: der kamen sa'n 158.000 besikers op ôf.
De tekening is fan 20 april ôf te sjen yn de tentoanstelling 'Verzameld werk: de rijke collectie van Friesland'.
© Fries Museum
Oan de presintaasje is in tal moannen foarôfgien. "We moesten het inhoudelijk beoordelen en kijken of het financieel kon", fertelt Kris Callens, direkteur fan it Fries Museum. It gie neffens him net om in grut bedrach, mear om gelok. "Mooi dat iemand zo scherp was op de rommelmarkt en dacht hierover contact op te nemen met het museum. En we moesten zoeken naar een goed moment om te presenteren en dat kan op de nieuwe tentoonstelling die zaterdag opent." It museum hat it wurk restaurearje litten.
"Negenennegentig procent van wat we aangeboden krijgen, is niet van belang. Het gaat om die ene procent, en dan kijken we of dat een toevoeging is aan onze collectie. Het is net als met goud zoeken, dan moet je ook heel veel zand zeven om een klompje goud te vinden." Hy ropt minsken dêrom ek op om rommelmerken te besykjen en de eagen iepen te hâlden.
Op it wurk stie de hantekening fan Tadema en troch de opboude kennis, opdien foar de tentoanstelling fan in pear jier werom, koe de konservator sjen dat it om syn wurk gie.
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum