Nij bernesintrum komt op plak basisskoalle Easternijtsjerk

17 apr 2019 - 11:19

It nij te realisearjen bernesintrum fan Easternijstjerk, Nes en Nijewier komt op de lokaasje fan de CBS Foeke Sjoerdsskoalle. Dat hat it kolleezje fan Noardeast-Fryslân besluten.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

Yn gearwurking mei de doarpsbelangen fan de trije belutsen doarpen en skoallebestjoer Arlanta binne seis lokaasjes besjoen en ûndersocht. Hjirby is ûnder oare sjoen nei de ferkearssituaasje, it miljeu en de planology fan de plakken. De hjoeddeistige lokaasje fan de kristlike skoalle fan Easternijtsjerk kaam dêrby as bêste lokaasje nei foaren.

It bernesintrum krijt de namme Wrâldwizer en moat bern fan 0 oant 12 jier in plakje jaan. Dit betsjut dat der in gearwurking is tusken de skoalle, bûtenskoalske opfang en de foarskoalske opfang. Ek sil der sjoen wurde nei goeie bannen mei it fuortset ûnderwiis.

Easkepakket

It nije bernesintrum moat de bern dêrnjonken in grut ferskaat oan sport, wittenskip en kultuer oanbiede. No't de lokaasje bekend is, kin der wurke wurde oan in easkepakket. Dit sil gearstald wurde troch âlden en learkrêften.

It is de bedoeling dat yn de simmer fan 2020 úteinset wurde kin mei de bou fan it bernesintrum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)