Wolvegeaster rydt mei auto stedsgrêft fan Zwolle yn en komt te ferstjerren
In 57-jierrige man út Wolvegea is woansdeitemoarn om it libben kommen, nei't er mei syn auto yn in stedsgrêft yn Zwolle bedarre. Dûkers fan de brânwacht ha de man út de auto helle en reanimearre. Hy is letter yn it sikehûs ferstoarn.
It ûngelok fûn plak om seis oere hinne, op de krusing fan de Schuttevaerkade en de Pannekoekendijk. De man ried op in rotonde rjochttroch, it wetter yn. De plysje wit net wêrtroch't dat gebeurde.