Amnesty komt mei stedskuier oer Twadde Wrâldoarloch yn Ljouwert

De nije stedskuier 'Rights Walk' fan Amnesty giet oer de Twadde Wrâldoarloch en test de kennis oer minskerjochten fan doe en no.
© RightsWalk
De kuier fiert lâns in tal lokaasjes yn Ljouwert dy't oan de oarloch tinken dogge. Fia tekst, byld en lûdsfragminten komt de kuierder yn de kunde mei oarlochsferhalen fan de stêd en de bewenners. Oan elk plak is in kwisfraach keppele oer de minskerjochten dy't yn de oarloch ûnder druk stienen en skeind waarden.
Op 4 maaie wurdt de Rights Walk presintearre. Belangstellenden kinne dy twa kear dy dei dwaan ûnder lieding fan in gids fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. De kuiers slute oan op in rûnlieding yn it Fries Verzetsmuseum, dat ek begjin- en einpunt is fan de rûte.
De earste kuier is 12.00 oere, de twadde begjint om 14.30 oere. Der is ek in app, dy kin binnenhelle wurde op www.amnestyleeuwarden.nl en http://rightswalk.nl.