Evelien Blaauw wurdt formateur foar it nije kolleezje fan Provinsjale Steaten

Evelien Blaauw fan De Jouwer wurdt formateur foar it nije kolleezje fan Provinsjale Steaten. Se wie earder direkteur-sekretaris fan de gemeente Skarsterlân. Dit is woansdeitemoarn bekendmakke op de gearkomste fan Provinsjale Steaten, dêr't mear dúdlik wurdt oer it nije kolleezje.
Evelien Blaauw wurdt formateur foar it nije kolleezje fan Provinsjale Steaten
De formateur moat mei de fjouwer kolleezjepartijen, VVD, CDA, PvdA en FNP, it programma op ynhâld begeliede. Blaauw is organisaasje-adviseur, mar tinkt dat se ek goed op har plak is yn de polityk. "Ik denk dat ik van de politiek genoeg ervaring heb, om te kunnen kijken hoe het spel loopt. Daar gaat het natuurlijk om; hoe lopen de hazen."
BIaauw hie yn it foar net hielendal foarsjoen dat se troch de partijen útnûge wurde soe as formateur. "Inhoudelijk, moet ik eerlijk zeggen, moet ik me nog helemaal oriënteren op de problematiek in de provincie. Ik zie mijzelf met name als een faciliteerder van het proces en niet zozeer als een stuurder op inhoud."
Earder wie Twadde Keamerlid (CDA) Harry van der Molen ynformateur.
Formateur Evelien Blaauw