Kollum: "Frysk"

17 apr 2019 - 08:50

"Ik lies moandei de kollum fan Nynke van der Zee oer har seksuele ynboargering. Ik bin nochal wat âlder as Nynke, by ús gie it noch oars. Mem sei neat, mar joech, doe't ik nei de HBS soe, my swijend it boekje 'Mammie waar kom ik vandaan'. It wie fan de feriening foar seksuele herfoarming, de NVSH. Ik ha't boekje lêzen en fierder rêde it him wol. Inkeld oer soksoarte saken as homo's en dûbelfluiters wisten wy doe hielendal noch neat.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Tsjintwurdich witte bern soks al, as se by wize fan sprekken noch embryo binne. Alles is bekend en yn byld. Allinne wy komme yn it Frysk dêrmei fansels efterop. Dat wie al sa doe't we langút oer 'De Smearlappen' fan Anne Wadman foelen, wylst sels hiel Staphorst 'Ik, Jan Cremer' al lêzen hie.

Bart Kingma hat it oplost. Hy skreau 'Seks to the Max', in Frysk boekje oer Max Wouda dy't op knoffelige wize dat seksuele ferhaal oanrikt krijt. Ik fyn it moai, mar dat is gjin kritearium. Wol dat bern dy't op de grutte skoalle komme, nofliker harren pakket oan gefoelens meitôgje kinne.

Jelle Bangma fan Cedin stjoerde it nei de skoallen, as ûnderdiel fan in oanrikt lespatroan. Seks yn it Frysk, der wie wer in 'horde' naam. Nee dus, de skoallen woene it net allegear ha. De kombinaasje Frysk en seks is net foar bern fan tolve, seine se. Jelle naam it wer werom, miskien wol benaud dat net alle leararen likegoed mei dy matearje omgean kinne. It boekje is no gewoan op de merk, it ûnderwiis hat der gjin rol mear yn. Alden binne wer ferantwurdlik, mar betink wol dat dy it der noch altyd swier mei ha.

We tinke net gelyk, hee. It wurd mienskip is ferline jier útfûn en stiet op al ús T-shirts, mar dat jildt net foar it Frysk. Guon lju ha twivels by it Frysk yn it ûnderwiis. Dat komt benammen om't de hjoeddeiske ûnderwizers faak yn it Hollânsk opfieden waarden, om't je oars net iens foarby Wolvegea kamen. Watte, net iens yn Wolvegea.

Dy generaasje wit dus net wat taalfertutearzje is, wylst se it sels dogge. Ik ken skoallen wêr't it hartstikkene goed giet, mar earne oars binne soargen. Se ha Keamerlid Harry van der Molen foarút skood. Dy die wat hy altyd docht, dy stelde fragen. Kin de minister net soargje dat de provinsje sels de ynspeksje fan it Frysk yn it ûnderwiis wurdt?

Dy minister, Slob, spruts ferline wike yn in seal mei sa'n tûzen minsken de ynspeksje fan it ûnderwiis ta. Der wie in ûndersyk ferskynd dat de ynspeksje it ornaris goed docht, mar it ûnderwiis oan swarte skoallen koe better. Dêr sil se oan wurkje. Dus doe koe Slob net oars as tsjin Harry sizze dat de ynspeksje him dan ek wol mei dat swarte Frysk rêde sil.

Oer fiif moanne, want we dogge simmers net oan it Frysk, dan komt de wurkgroep Sis Tsiis op 'e nij mei in demonstraasje dat it Frysk op skoalle better moat. Twa moanne dêrnei komt it op de gearkomste fan de FNP wer yn de polityk. Johannes Kramer wurdt nije wike wer deputearre fan de guozzen, dus dy kin neat, en úteinlik moat Sietske Poepjes Harry wer freegje om in pear fragen te stellen.

De nije minister fan Underwiis seit dan dat by de ûnderwiisynspeksje in sekretaresse sit waans beppe út Doanjum kaam en dat it Frysk dus by de ynspeksje yn goede hannen is. Yntusken ha dan alle ûnderwizers, alle wurkgroepen fan de Ried fan de Fryske Beweging, alle politike partijen yn Fryslân útsein Foarum, Tresoar, Akademy, Afûk, wurkgroep Frysk fan de gemeente Ljouwert, Frysk dit en Frysk dat, Rimmer Mulder op persoanlike titel harsels hearre litten. En dan binne we wer net in tried fierder. Want dy fine ek net allegear dat Sietske Poepjes de bêste ûnderwiisynspekteur is, dy't efteryn de klasse sitten giet om te hearren oft se fertutearzje wol geef útsprekke.

It is mei alles sa en dus ek mei it Frysk. As we echt wat wolle, dan moat we ien mienskiplik doel ha. Dêrnei kinne we pas fragen en easken stelle. Dy binne no bespotlik."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)