Avine Fokkens nimt plak fan Klaas Kielstra yn as deputearre

17 apr 2019 - 07:50

Avine Fokkens út Ljouwert wurdt de nije deputearre foar de VVD. Dat beslút is tiisdei fallen yn de fraksjegearkomste fan de liberalen. Fokkens krige by de gearkomste mear fertrouwen as Klaas Kielstra fan Stiens, dy't no noch deputearre is.

Kielstra wie mei de provinsjale steateferkiezingen ek de listlûker foar de VVD en like dêrmei werom te kommen as deputearre. Op de jûn dat de útslach fan de ferkiezingen bekend makke waard, joech Fokkens by Omrop Fryslân oan dat sy ek belangstelling hie om deputearre te wurden.

Fokkens wie oant no ta fraksjefoarsitter fan de VVD. Kielstra liket dat plak no op te foljen.

Nije deputearre Avine Fokkens fan de VVD

(advertinsje)