"Swimfeardichheid giet drastysk achterút nei it heljen fan it diploma"

Swimbaden yn hiel Nederlân steane fan woansdei ôf in moanne lang stil by swimfeilichheid. Ek Fryske swimbaden dogge mei oan dizze earste nasjonale Maand van de Zwemveiligheid. De kampanje is in inisjatyf fan de nasjonale ried en it projekt NL Zwemveilig en moat minsken bewust meitsje fan harren eigen feardichheid op it gebiet fan it swimmen.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Jierliks ferdrinke noch hieltyd in soad bern en folwoeksenen, omdat se it swimmen net mear goed machtich binne. Direkteur Evert Jan Siderius fan swimbad De Welle yn Drachten hat dêr wol in ferklearring foar. "Minsken helje harren swimdiploma, foaral bern natuerlik, en dan hâlde se eigentlik it swimmen net by en giet harren swimfeardichheid drastysk achterút."
Neffens Siderius docht út ûndersyk bliken dat dat al nei 18 moanne nei it heljen fan it B-diploma te fernimmen is. "Al 44 prosint foldie net mear oan de noarm, dy't se hiene op it momint dat se ôfswommen." Minsken hâlde dêrnei op mei swimmen of dogge it net faak genôch, seit Siderius.

ZwemChallenge

Yn De Welle wurdt kommende wike de nasjonale ZwemChallenge organisearre. Dat is in parkoers sûnder en mei klean, leit Siderius út. "Krekt sa as by it diplomaswimmen. Der stiet dan immen dy't sjocht oft al dy ûnderdielen dy'tst ek by it swimdiploma dwaan moast, noch op nivo binne." Dielnimmers krije dêrnei in persoanlik swimadvys.
Direkteur Evert Jan Siderius fan swimbad De Welle yn Drachten