"Ferpleatsen feardammen Holwert en Nes rjochting it westen realistysk"

It ferpleatsen fan feardammen nei it westen, dêr't de geulen djipper binne, is in hiel realistyske opsje foar de feartsjinst tusken It Amelân en de fêste wâl. Dat sei direkteur Mieke Attema fan Rykswettersteat Noard-Nederlân tiisdei op in bewennersjûn yn Nes op It Amelân.
Rykswettersteat, de gemeenten Amelân, Noardeast-Fryslân en de provinsje Fryslân wurkje oan in langetermynfyzje foar in betrouberdere feartsjinst. Dy is nedich omdat it iepenhâlden fan de hjoeddeistige geulen mei baggerjen net fol te hâlden is. De feardaam op it eilân soe dan rjochting Hollum komme moatte en de feardaam fan Holwert skoot dan op rjochting Swarte Haan.
© Omrop Fryslân

Ferkearsstreamen opsplitse

Mei mear as sechstich Amelanners yn de seal waard praat oer potinsjele oplossingen en de meast realistyske liket it opsplitsen fan de ferskate ferkearsstreamen. As je sjogge nei de loftfeart is it al hiel gewoan om minsken en fracht útinoar te heljen, sa sei boargemaster Gerard van Klaveren fan It Amelân nei ôfrin fan de gearkomste. Mar op dit stuit is alles noch besprekber.
De twa gemeenten, de provinsje en Rykswettersteat wolle yn oktober in oantal oplossingsrjochtingen op papier hawwe, dy't trochrekkene wurde kinne. De úteinlike langetermynfyzje wurdt brûkt as de hjoeddeistige konsesje foar it ferfier yn 2029 ôfrint om de betingsten foar in nije konsesje te meitsjen.
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Remco de Vries praat mei ûnder oaren direkteur Mieke Attema fan Rykswettersteat