De Lada ferdwynt fan de Fryske diken

Lada is dwaande mei de lêste kilometers op Fryske diken. It Russyske automerk wie al net populêr mear, mar de ein komt no echt yn sicht no't de fabrikant ophâldt mei de ferkeap yn hiel West-Europa. Troch miljeuheffingen wurdt de auto sa djoer dat hy hast net mear te beteljen is.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Dêrom hawwe de Russen besletten dermei te op te hâlden. It merk bliuwt wol bestean, want yn Ruslân sels en oare lannen wurdt er noch wol yn grutte oantallen ferkocht.
Marc Miedema is de eigener fan de garaazje yn Tsjummearum en hy hat noch in stik of fjouwer Lada's te stean. "Us heit wie dealer en dan hawwe je in klanterûnte dy't aardich trou wie oan it merk. It is no in stikje hobby", fertelt er.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Marc Miedema hat noch in stik as wat Lada's te stean
De 'bottleneck' fan de Lada's is neffens Miedema dat it belang fan it Lada-fabryk út net grut genôch is om de auto sa te modernisearjen dat se meidwaan kinne oan de Europeeske merk. Yn de heechtiiddagen ferkocht Miedema syn heit sa'n 70 oant 80 auto's yn it jier.