Fuotbalster Sisca Folkertsma ferlinget by FC Twente

16 apr 2019 - 22:13

It kontrakt fan de 21-jierrige fuotbalster Sisca Folkertsma by FC Twente is ferlinge. Ek kommend seizoen sil sy wer diel útmeitsje fan de earste seleksje. Folkertsma is koartlyn blessearre rekke oan har knibbel en njoggen moannen oant in jier út 'e rûlaasje. Se is op dit stuit oan it refalidearjen. Dêr sil se yn de earste perioade mei fierder gean.

Sisca Folkertsma tekent foar ferlinging by FC Twente - Foto: FC Twente

De middenfjilder fan Sleat is bliid mei de ferlinging. "Ik heb dit seizoen bij FC Twente Vrouwen het plezier in het voetbal terug gekregen. Het betekent veel voor mij dat ik ondanks mijn langdurige blessure toch mijn contract kan verlengen bij FC Twente, dit bevestigt voor mij wat voor familiare cultuur er binnen de club aanwezig is", fertelt se.

Rene Roord, technysk manager fan FC Twente, hat betrouwen yn har werstel. "Ik ben heel blij dat Sisca heeft verlengd, ze heeft een heel goed seizoen gedraaid en zich terecht weer in de selectie van de Oranjeleeuwinnen gespeeld. Helaas heeft een ernstige blessure haar nu terug geworpen, maar we hebben er alle vertrouwen in dat ze beter terug komt."

Folkertsma spile fan 2012 oant 2015 by SC Hearrenfean, wêrnei't se twa seizoenen by PSV tekene. Nei in jier by Ajax kaam se yn 2018 by FC Twente ûnder kontrakt.

(advertinsje)