Gjin straf foar trio dat Kallemooifeest fersteurde

Trije persoanen dy't ferline jier it Kallemooifeest op Skiermûntseach fersteurden, hawwe gjin straf krigen fan de kantonrjochter. De tsjinstanners fan dit barren brutsen ferline jier troch in ôfsetting hinne. Kallemooi is it Pinksterfeest dêr't as symboal fan fruchtberens in hoanne yn in koer heech yn in mêst hongen wurdt.
© Omrop Fryslân
It trio waard fuortendaliks oppakt en nei de fêste wâl brocht. De offisier fan justysje fûn dat de trije wol skuldich binne, mar net in straf fertsjinje. De rjochter gie dêryn mei. Dy joech de demonstranten lykwols de tip mei om yn petear te gean mei de minsken fan Kallemooi.
Al jierren is der argewaasje oer Kallemooi. Foarstanners wolle fêsthâlde oan de tradysje mei Pinkster en sizze dat de sûnens fan de hoanne goed yn de gaten hâlden wurdt.