Projekt feangreidegebiet Leechlân krijt 68.000 euro subsydzje

It projekt Leechlân krijt in subsydzje foar ien kear fan 68.000 euro fan de provinsje. It projekt ûndersiket hoe't agraryske bedriuwen yn de omkriten fan Grou de ôfbraak fan it fean yn it feangreidegebiet fertraagje kinne, mar dochs in takomstbestindige bedriuwsfiering hawwe kinne.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Neffens de provinsje past it projekt goed yn de doelen fan de feangreidefyzje fan de provinsje Fryslân. It projekt sit yn de twadde faze.
Der wurde wurkgearkomsten organisearre, bedriuwsanalyzes makke, en dan in gebietsdokumint opsteld, dêr't in oanpak foar it tsjingean fan it fersakjen fan it feangreidegebiet Leechlân stiet. De planning is dat dit dokumint ein simmer 2019 klear is.