Bou nij Cambuurstadion wer in stap tichterby

16 apr 2019 - 21:22

It ûntwerpbestimmings- en ynrjochtingsplan foar it gebiet om it nije Cambuurstadion hinne, is fan nije wike tongersdei ôf yn te sjen. Dan kin der ek beswier makke wurde. It wurdt de lêste stap neamd yn de prosedurele faze en bringt de bou fan it stadion wer tichterby.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Buertbewenners hawwe der yntinsyf oer meiprate kind. In lûdswâl fan maksimaal trije meter is ien fan de maatregels. "De bewoners hebben steeds gezegd: wij willen hier constructief in meekijken, maar we willen geen overlast. Een green wall is een van de instrumenten om die overlast te verlagen. Die neemt geluid én zicht weg", fertelt wethâlder Hein de Haan.

Ljocht is ien fan de faktoaren dy't wichtich binne foar de omwenners. "We zijn begonnen met armaturen die wel voor lichtoverlast zorgden. Inmiddels kunnen we met nieuwe technieken en lichtarmaturen keurig binnen de wettelijke norm blijven."

Wethâlder Hein de Haan oer de plannen

Ek parkearje wie in grutte soarch. Dêr wurde noch petearen oer fierd. "Wij moeten heel goed kijken dat we voldoende parkeerplekken hebben om ook in de pieken alle verkeer op te vangen en ervoor te zorgen dat de buurt zo weinig mogelijk overlast ondervindt."

Fan takom wike tongersdei ôf kinne minsken it ûntwerpplan dus ynsjen en eventueel beswier meitsje. De bedoeling is dat de gemeenteried der foar de simmerfakânsje oer praat en dat yn maaie takom jier de bouwurksumheden úteinsette kinne.

Trefwurden: 
Ljouwert Cambuurstadion
(advertinsje)