Gjin subsydzje foar útwreiding Museum Belvédère

16 apr 2019 - 20:46

De provinsje hat in subsydzjeoanfraach fan Museum Belvédère yn Oranjewâld ôfwiisd. Belvédère hie frege om 100.000 euro foar in útwreiding. Neffens it stiftingsbestjoer is dat needsaaklik om mear besikers te lûken en de tekoarten yn de eksploitaasje fuort te wurkjen.

Museum Belvédère yn Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Steaten fynt lykwols dat dy oanfraach net past yn it kultuerbelied en soe it takennen fan dy subsydzje ûnearlik wêze rjochting oare musea.

Ek de oanfraach fan jierliks 25.000 euro om wurk fan jonge keunstners te eksposearjen, koe net honorearre wurde. Deputearre Steaten wol dizze oanfraach wol meinimme yn de neilittenskip fan de Kulturele Haadstêd, de saneamde 'Legacy 2028'.

Foto: Museum Belvédère

Der wie ek goed nijs foar Belvédère. De provinsje wol nammentlik 150.000 euro bydrage oan it grut ûnderhâld dat útfierd wurde moat. Dat is begrutte op 200.000 euro.

De Giorgio Morandi-tentoanstelling fan ôfrûne jier hat 30.000 euro winst opsmiten en fierder hat de gemeente Hearrenfean 20.000 euro tasein. It restbedrach komt no fan de provinsje.

(advertinsje)