Soad emoasje yn Sint-Jabik nei brân: "Het doet wel zeer..."

16 apr 2019 - 20:27

In wenpleats oan de Noordeinde yn Sint-Jabik is tiisdeitemiddei folslein útbaarnd. Yn de pleats waard pleechsoarch jûn oan fjirtjin bern. Doe't de brân ûntstie wiene der noch bern binnen, mar dy koene der allegear op tiid útkomme. De brân makket in soad emoasjes los yn it doarp.

"We hebben hier te maken met een locatie van pleegzorg. En helaas hebben we die niet kunnen behouden", fertelt in wurdfierder fan de brânwacht. "De eenheden waren snel ter plaatse, maar bij aankomst was eigenlijk al duidelijk dat dit een zeer snel ontwikkelende brand was."

Doe't de brân útbruts, wiene der ferskate bern oanwêzich yn it gebou. "Iedereen die aanwezig was, is nagekeken door ambulancepersoneel en is niet gewond geraakt gelukkig."

De soan fan de frou dy't yn de pleats wennet, is ek bot skrokken. Hy wennet der sels al in pear jier net mear, mar it rekket him tige. "Mijn moeder woont hier nog met de rest van de pleegkinderen. Mijn moeder heeft 14 pleegkinderen", fertelt er. "Gelukkig zijn er heel veel lieve mensen die dingen aanbieden; slaapplek, speelgoed... Ik zie wel positief in dat er wat geregeld kan worden. Maar het doet wel zeer..."

Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is net bekend. Doe't de brân útbruts, wie der in dakdekker oan it wurk.

Trefwurden: 
brân Sint-Jabik
(advertinsje)
(advertinsje)